14 juny 2014

Iepening Oerol 2014

4000 man publyk, akteurs en koar út 'e skroeven, fantastyske sfear, prachtige loften en in temperatuur om te ranen: Tryater iepene Oerol 2014 mei de earste akte út De IIsfoarstin. Fotografen Saris en Den Engelsman wienen der by.

En wa't mear sjen wol: kom nei de ekstra foarstellingen op 20 en 21 juny yn it sintrum fan Ljouwert!